mei Kennis fan Saken
Vorm Eleven CC is in full service kommunikaasjeburo. Full service op it mêd fan alle mooglike reklame- en kommunikaasje-uteringen, mar ek wat persoanlike service oangiet. Troch in goed persoanlik kontakt, earlike advizen en eigen ynbring benaderje wy ús klant graach op in persoanlike wize.
Corporate kommunikaasje
De hússtyl en identiteit fan in organisaasje giet net allinnich oer fisuele saken. Ek de kommunikaasje en it gedrach fan 'e minsken achter de organisaasje of achter it produkt is wichtich. Dêrom wurket Vorm Eleven CC gear mei spesjalisten op dat mêd. En binne wy fansels altyd op ús iepenst. Yn in goede mjuks telt elk detail, en gelokkich binne in protte fan dy details maklik by te stellen. Vorm Eleven CC is ek spesjalisearre yn krekt dy lytse dinkjes dy't it súkses meitsje, of brekke.
B-to-B of konsumint
Of jo jo no rjochtsje op 'e saaklike merk of streekrjocht op 'e konsumint: elke brânzje hat in eigen ynfalshoeke en somtiden binne it krekt dy ideeën út in hiele oare tak fan sport dy't de oanset foarmje ta noch gruttere prestaasjes. Wat se mien hawwe, of wat alle ûndernimmers graach wolle, is in dúdlik en mjitber resultaat. Dêrom oerleit Vorm Eleven CC op guon mominten alle dagen mei de klant, sykje wy persoanlik kontakt en komme wy graach efkes by jo del om foar de earste kear mei elkoar yn 'e kunde te kommen. Ek dêrnei bliuwe wy nau belutsen. Mei heldere ôfspraken, rappe aksjes en goed oerlis oer wat jo fan ús ferwachtsje meie.
Middels • Produkten • Tsjinsten