Grafyske kreaasjes
• CD- en DVD Sleeve design
• Radio- en TV Spots
• Flyers, Leaflets, folders, brosjueres en posters
• Websiden - CMS, Joomla (Behearsiden) & Flash
• Visuals en fotografy
• Displays, banners, flaggen en spandoeken
Belibbing stiet sintraal, it gefoel moat goed wêze! Pas nei it ôfstimmen fan ús ideeën en it finen fan 'e goede sfear, wurkje wy in konsept út en sjogge wy nei de produksje. As klant bliuwe jo sa stap foar stap belutsen en hawwe jo stap foar stap de kontrôle. Dat jout betrouwen troch it hiele proses, en úteinlik in einprodukt dat presys oan 'e ferwachtings foldocht, en sels geregeld oertreft!
Fisuele & Tekstuele kreaasjes
In byld of visual kin in soad sizze, mar sûnder tekst is it faak noch neat. In prikeljende sin, sprekkende slogan of heldere ynformaasje jouwe jo produkt en jo reklame krékt dat bytsje ekstra. Reden foar ús om gear te wurkjen mei betûfte tekstskriuwers en kreative copywriters. Effektive kommunikaasje is ommers de perfekte mjuks fan byld, tekst en produkt, dêr't alle details strike moatte.
Ynterim
Wy binne in kreatyf grafysk bedriuw dat him rjochtet op in duorsume relaasje mei de klant. Dat kin lykwols ek foarmjûn wurde yn in helder en ôfbeakene projekt, of op ynterimbasis. Wolle jo foar in beskate perioade jo ideeën op in ferantwurde wize foarmjûn hawwe? Of wolle jo no ris en foar lange tiid jo hússtyl en húsprodukten folslein fersoargje litte fan ûntwerp oant digitaal printsjen, ôfwurkje en ôflevering?
Nim dan kontakt op foar mear ynformaasje fia This e-mail address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it