Frysk



http://www.vormelevencc.nl/components/com_gk2_photoslide/images/thumbm/327214THUS.jpg
http://www.vormelevencc.nl/components/com_gk2_photoslide/images/thumbm/550603UNEINICHKREATYF.jpg
http://www.vormelevencc.nl/components/com_gk2_photoslide/images/thumbm/468273FRYSKBANNERS_ORIZJINALITEIT_NIEUW.jpg
http://www.vormelevencc.nl/components/com_gk2_photoslide/images/thumbm/401695FOCUSDUORSEMES.jpg
http://www.vormelevencc.nl/components/com_gk2_photoslide/images/thumbm/441192UNYKEDOELSTELLING.jpg
thumbnailthumbnailthumbnailthumbnailthumbnail

Oer Vorm Eleven CC

Dreamen en Ambysjes komme út

Op moandei 18 febrewaris 1985 sei foarsitter Jan Sipkema fan 'e ‘Vereniging de Friesche Elfsteden’ de legindaryske wurden: ‘Komende donderdag zal de 13e Elfstedentocht worden verreden. It sil heve’.

Yn dat histoaryske sportbarren sit de oarsprong en it ûntstean fan Vorm Eleven Communicatie & Creatie. De man achter Vorm Eleven C&C is Jacob van der Ploeg. Berne yn 'e Alvestêdestêd  Dokkum en opgroeid yn 'e Westereen, midden yn 'e Fryske Wâlden. De fjouwer helden fan dy alvestêdetocht yn 1985 en it grutte folksfeest yn Dokkum makken grutte yndruk op 'e doe 16-jierrige Jacob. Fan dat momint ôf woe hy noch mar ien ding: De Alvestêdewedstryd ride en winne!

COMPILATIE      IMG_412

Fan dat momint ôf wie de 'oprjochte Fries' gek fan reedriden en doersport. Sa bot sels, dat it syn fierdere ûntjouwing as topsporter en as minsk bepaald hat. Ambysjes koesterje en besykje dy wier te meitsjen. Dingen dwaan dêr't jo goed yn binne en dyn talinten folslein benutte. Trochsette by tsjinslaggen en oanpasse as it moat. Nei it earste kontakt mei de reedrydsport ûntduts Jacob dat hy in soad talint hie foar de triatlonsport. Fan 1990 oant '95 treende hy him nei de nasjonale top op 'e Olympyske ôfstân en letter nei de ynternasjonale top op 'e lange ôfstân, ek wol Ironman neamd.

Troch in rinblessuere moast Jacob fan needs syn triatlonkarrière beëinigje. De trochsetter pur sang gie dêrnei troch mei it maratonreedriden. Dêr wie de dream ommers ea mei begûn. Hy ride himsels nei de B-riders en ried de alternative Alvestêdetocht op 'e Eastenrykske Weissensee yn 2008 by de A-riders: de grutte kanonnen út 'e reedrydsport. In ridersdream wie útkommen! Wol net in echte alvestêdetocht yn it eigen Fryske lân, mar foar de belibbing wol in lykweardige sportprestaasje en dat wie it wichtichste.

De ynset en doelstellings dy't de sporter hantearret, binne tsjintwurdich de basis fan Vorm Eleven C & C. Fan 2001 o/m 2003 folge Jacob van der Ploeg syn oplieding ta grafysk ûntwerper/foarmjouwer. Yn 2003 begûn Jacob mei syn eigen bedriuw Vorm Eleven Media, neist in fêste baan as grafysk ûntwerper c.q. foarmjouwer. Hy wurke by it Friesch Dagblad en de Friesland Bank, mar makke yn 2007 dochs de stap nei it fulltime ûndernimmerskip. Under de namme Vorm Eleven Media makke it bedriuw de ôfrûne twa jier in flinke groei troch yn omset en oarderportefúlje. Dêrom is de nije bedriuwsnamme Vorm Eleven Communicatie & Creatie keazen. Bredere service en ferskate  spesjalisaasjes mei deselde belutsenheid.


 
Portfolio
http://www.vormelevencc.nl/components/com_gk3_photoslide/thumbs_big/746267Afbeelding_8.pnglink
http://www.vormelevencc.nl/components/com_gk3_photoslide/thumbs_big/789526Afbeelding_9.pnglink
http://www.vormelevencc.nl/components/com_gk3_photoslide/thumbs_big/894383Afbeelding_6.pnglink
http://www.vormelevencc.nl/components/com_gk3_photoslide/thumbs_big/532655Afbeelding_7.pnglink

Schaatsschool Eleven

In het verlengde van Vorm Eleven CC Sports & Eventsmarketing ligt Schaatsschool Eleven. Dit bedrijfsonderdeel van Vorm Eleven CC is in 2008 opgericht. U kunt Schaatsschool Eleven inhuren voor uw sportieve schaats- Lees meer

Dromen en ambities komen uit

Op maandag 18 februari 1985 sprak voorzitter Jan Sipkema van de ‘Vereniging de Friesche Elfsteden’ de legendarische woorden: ‘Komende donderdag zal de 13e Elfstedentocht worden verreden. It sil heve’.In die Lees meer

Dromen en ambities komen uit

Op maandag 18 februari 1985 sprak voorzitter Jan Sipkema van de ‘Vereniging de Friesche Elfsteden’ de legendarische woorden: ‘Komende donderdag zal de 13e Elfstedentocht worden verreden. It sil heve’.In die Lees meer

Dromen en ambities komen uit

Op maandag 18 februari 1985 sprak voorzitter Jan Sipkema van de ‘Vereniging de Friesche Elfsteden’ de legendarische woorden: ‘Komende donderdag zal de 13e Elfstedentocht worden verreden. It sil heve’.In die Lees meer

Schaatsschool Eleven Dromen en ambities komen uit Dromen en ambities komen uit Dromen en ambities komen uit

Copyright Vorm Eleven Communicatie & Creatie - Alle rjochten foarbeholden - Behear - Disclaimer - Algemiene Betingsten