Frysk



is Airplay Foar jo Event

POSTER-A2SKEELERRACE2009-CONTOUREN POSTERA2-FMN2008-VERSIE2 POSTER-A2-40X60CM-CONTOUREN CDPRESENTATIEDEKAST Afbeelding-8

Event Marketing
Sport- en Event-marketing is in fak apart. Boppedat in breed fak, want der komt hiel wat by te sjen. Dêryn hat Vorm Eleven CC him al mear as bewiisd. Krekt  fanwegen ús raakflakken mei de sport sels witte wy wat der allegear komt te sjen by in goed evenemint. Neist in goed rinnende organisaasje, is in goede mjuks fan kommunikaasje en marketing needsaaklik om ek in befredigjend einresultaat te heljen. As gjin oar binne wy by steat om de tariedings, de sponsortrajekten en de hiele posisjonearring fan jo evenemint te begelieden of út hannen te nimmen. En wolle jo allinnich stipe of advys yn 'e reklame, de sponsoring of it winnen fan dielnimmers? Ek dat is foar ús gjin probleem.

Relaasjemarketing
Relaasjemarketing is folle breder as allinnich in diner mei in klant, in fakbeursbesite of de jierlikse nijjiersresepsje. Relaasjemarketing kin krekt in hiele doeltreffende wurkwize wêze om jo saken yn 'e takomst no ta te rieden. Sport en kultuer binne twa pylders dy't minsken aktivearje en by elkoar bringe. In ideaal middel dus ek om jo relaasjenetwurk te ûnderhâlden en sels út te wreidzjen, as jo it mar goed oanpakke. Vorm Eleven CC hat dy ekspertize yn 'e hûs. Wy wurkje gear mei ferskate  spesjalisten op dit gebiet en binne dêrtroch yn steat om in evenemint goed te begelieden en tegearre mei de opdrachtjouwer of organisaasje  ta in súkses te meitsjen.

Marketing tools
Om jo evenemint ûnder it omtinken te bringen by it publyk of de doelgroep binne der ferskate marketingtools om dat te berikken.
• Flyers, posters en banners
• Parseberjochten
• Advertinsjes & aksjes
• Webside

Belangstelling
Foar ynljochtings of mear ynformaasje oer in optimale marketingkombinaasje foar jo evenemint, klik hjirre


 

Copyright Vorm Eleven Communicatie & Creatie - Alle rjochten foarbeholden - Behear - Disclaimer - Algemiene Betingsten